Leeuwarder courant, 22-12-1934 (Newspaper article in the Frisian language)
Frysk Studinte-Kongres.
Fjirde kongres to Ljouwert.
Earste dei.
Jistermiddei bigoun yn 'e Klanderij to Ljouwert it fjirde Kongres fen 'e Federaesje fen Fryske Studinteforienings, dêrt' moai greate bilangstelling for wier. De seal mei tal fen jonge minsken — de Wageningers koe men der út oan hjar kleurige petsjes — seach der fleurich út.
De foarsitter, de hear P. MIEDEMA, iepene it Kongres en wiisde op de kultureel wittenskiplike bitsjuttiug fen de studine-kongressen. Sprekker hjitte wolkom leden en âld-leden, de parse en binammen de sprekker, prof. dr. Wirth út Berlyn.
It doel fen dit Kongres moat wêze kultureel-wittenskiplik net allinne foar de bûtenwrâld, mar ek foar ús sels oer. In synthese moet socht wirde twisken de wittenskip en it folkseigene. Wiidweidich set sprekker de forhâlding de forhâlding twisken beide útien. Hy wiist binammen op it bilang fen de stúdzje fen de praeistoarje fen de godstsjinst fen 'e Friezen. It objekt fen dizze stúdzje mei neutrnael wêze, de biwirking fen 'e stúdzje dêrfen hinget ing mei de nationale psyche gear. It nationale apriori mei net forwaerloazge wirde, mar moat by dizze stúdzje foldwaende ta syn rjucht komme.
LEZING FEN PROF. WIRTH.
Dêrnei hâldde prof. dr. HERMANN WIRTH syn foarste lêzing oer: Âld-Fryske Religy (tariedend diel).
Mei it bistjûr fen 'e Federaesje wier sprekker oerienkomd, det er syn lêzing yn it Heechdútsk en net yn it Nederlânsk ef Leechdútsk hâlde scoe, om't er spitigernôch net yn steat wier it yn it Frysk to dwaen.
Yn 'e nei-oarlochske tiid, sa sei sprekker, is de histoaryske wittenskip as mei hannen omkeard. Britsen is mei de evolutionistysk-liberalistyske opfetting as scoe it mei de geastlike ûntjowing fen it minskdom krekt sa gien wêze as mei de technyske det út it primitive stadichoan it mear komplisearre foartkomd is, det men dos yn 'e selde lyn as de stientiid brûnstiid, izertiid haw hawwe scoe in religieuse evolúsje, dy't bigoun mei it animisme en ein'ge mei it Chrirtlike montheïsme.
Det mei dizze theory britsen is, is net de skild fen dy "böse" nationael-socialisten. Né, de greate stjit hjirta hat jown de Roomske pater Wilhelm Schmidt en syn neifolgers, dy't nei yngeande stúdzje fen de godstsjinstige tinkbylden fen de natûrfolken, binammen fen de Indianen, ta de konklúzje kamen, det ek de primitive foltsen geastlike hichtepunten en ek it monotheïsme kend hawwe. Hjar wirken hat de Roomske tsjerke tsjerkelik goedkard en it is wol nijsgjirrich, det nou't it greate lichem, det himsels biskôget as de iennichst wiere tsjerke fen Christus, soks dien hat, it krekt de liberale en protestantske learden binne, dy't hjar noch fêstklampe oan de âlde evolutionalistyske theory, dy't fen in kennis fen in almachtich God as hichtepunt fen it geastlik libben foar de opkomst fen de hjoed deis bisteande monetheïstische Godstsjinst net witte wol. Giet Wilhelm Schmildt noch om de Germanen hinne en hat dy it allinne oer de Indianen en noch in pear oare primitive foltsen, sprekker wol sjen litte det ek ús foarfaers it oarspronkelike iengoanddom koene, krekt like goed as it skrift en de fordieling fen it jier. It wirdt heech tiid det der in ein makke wirdt oan it minderweardichheidscomplex fen 'e Germanen‚ dy't hjar noch altiten dellizze by it praetsje, det se de earste bigjinselen fen de kultuer fen it keizerlik Rome en it iengoadendom fen it tsjerkelik Rome krigen hawwe.
De Thule-kultuer.
Né de kultuerboarne fen ús foarfaers is folle âlder. Sprekker‚ dy't yn it tariedend diel fen syn lêzing it hawwe scil oer de Thule-kultuer, wist der op, det by tal fen folken, yn Europa en Azië en ek by de Indianen yn Amerika de leginde foarkomt fen in mienskiplik stamlân, det lein hawwe moat heech yn it Noarden en det men forlitte moast, om't de goaden as straf for de sûnden fen de minsken it ûnwenber makken troch klimaetforoaring. Yn ûnderskate lânnen hat men oerbliuwsels foun fen in âlde kultuer, dy't allegearre werom geane nei in kultuersintrum earne oan 'e Hudsonbaei yn Noard-Amerika.
Do't men dit kultuersintrum foun tocht men earst oan in Eskimo-kultuer en letter oan in foar-Eskimo-kultuer. Mar de Eskimo's sels hawwe in legende fen bloune minsken mei blauwe eagen, dy't se oantsjutten mei in namme, dy't bisibbe is oan dy fen 'e Germaenske kriichsgod Thor ef Donar en det útstoarn wêze scoe. Neffens sprekker woe hat men hjir to dwaen mei it mienskiplik stamfolk fen rjue Jeropeeske, Aziatyske en Indiaenske folken.
Om dit to biwizen lit prof. Wirth op it wite doek sjen in greate sery lantearne-plaetsjes fen teikeningen, dy't men by al dizze folken weromfynt en dy't safolle oerienkomst hawwe, det nei't sprekker mient, men gerêst ta in neije sibskip en in mienskiplike ôfstamming fen dizze folken bisluae moat.
Ut dizze teikeningen scoe it bliken dwaen, det de âlde Germanen, ynsté fen analphabethen to wêzen, al in liniair skrift hiene, det nea út byldskrift ûntstien wêze kin en dos net, lykas de evolutionistyske wittenskip oannimt, him ûntjown hat út de byldskriften fen de âlde Easterske kultuerfolken. Sterker, yn Egypte komt it foar, foar't men der hieroglypen hat, en yn it lettere Egyptyske hieroglyphenskrift fynt men it for tsien persint werom De oare 90 persint fen dit skrift is ûnôfhinklik hjirfen ûntstien.
Dit skrift, it âlde Runeskrift, giet ek nei de âlde Thule-kultuer werom en it hat hiel de skiednis troch bistien en wirdt — sûnder det de officiele wittenskip der aen fen hat — hjoed de dei noch ûnder it folk brûkt.
Dit skrift is net allinne fen bilang, om't it tsjinne om meidielings op hout ef stien fêst to lizzen mar ek jowt it yn syn symbolyske teikens utering oan de religieuse fielings fen de Nordyske foltsen, dy't de Thule-minsken as stamfolts hiene. Fen ûnderskate Runen stiet dit fêst Sprekker neamde yn det forbân de Odil-rune en de Hagalu-rune.
De Odil-rune, in vertikael teiken, twa sirkeltsjes mei in lyn forboun, is it symboal fen de midsimmer en de midwinter (boppeste en ûnderste sirkel), yn forbining mei mankoar en dos fen it hiele jier. Fierders it symboal fen it libben en de dea en it nije libben nei de dea.
Dêr't inkeld yn it hege Noarden de sinne yn'e winter in deimannich weibliuwt en yn 'e simmer in deimannich net ûndergiet kin dizze Rune inkeld dêrre en dos ûnder de Thule-minsken ûntstien weze.
Yn letter tiden, do't de neikommelingen fen it Thule-folk mear nei it Suden ôfsakke wieren en de rin fen 'e sinne for hjarren dos oars waerd, krige men nêst dizze rune ien dy't de foarm hie fen in krús mei skeefsteande balken. Ut de forbining fen dizze beide runen waerd berne it achtspeakige rêd ef seisspeakige rêd, de hagalu-rune, it allerhillichste symboal fen de Nordyske foltsen, dy't net allinne it forrin fen it jier útbylde, mar ek makrokosmyske en mikrokosmyske bitsjutting hie. By dizze foltsen libbe in Godsbigryp, det omfieme Wrâldgeist, tiid, skepping, ierde en minske, dêr't de hagalu-rune it symboal fen wier.
Oare runen wize der op, det der by de foltsen út 'e Thulekrite ek bikend wier in Middeler en Heilbringer. Op it Midwinterfeest (Joelfeest) fierde men de berte fen dizze Middeler út Mem-Ierde. Ek wier det Joelfeest it symboal fen de opstanning nei de dea.
Neffens sprekker is dizze Godstsjinst libjen bleaun yn de folkssiele, al waerd se den ek letter "officieel" fen 'e Wodantsjinst forkrongen. En sa hie letter it Christendom gjin inkeld oarspronkelik symboal nedich, se koe al hjar symboalen oan de âlde folksgodstsjinst, dy't yn 'e folkskinst (forsiering, kalenders,feestkoeken esf.), oant djip yn 'e 18e ieu libjen bleau, ûntliene. By de foltsen bûten de Thulekrite fynt men dizze symboalen net, alteast net autochtoon.
Ut ien en oar docht it bliken, sa bisleat prof. Wirth, det ynsté fen det ús Aryske foarfaers hjar kultuer en Godstsjinst fen oare folken oernamen, it Godsbigryp, oars as de oare foltsen, de Nordyske minske ynberne wier.
DE TWADE LÊZING.
Yn syn twade lêzing naem prof. WIRTH him foar to bihandeljen de âld-Aryske en âld-Germaenske wrâldskôging, it Wodanisme en de Christianisearring fen de Germanen. Dêr't de sprekker lykwols oan syn lantearneplaetsjes en syn films boun wier, wier de bihandeling fen ien en oar noch al incidenteel en krige men as forslachjower de yndruk, det hwet nei foaren brocht waerd, mear tsjinje moast as in biwiis fen de stellingen yn 'e foarste lêzing forkindige, as eat nijs wier.
Ûnderskate symbolen, dy't by al de foltsen fen de Thulekrite foarkomme en binammen de libbensbeam waerden wiidweidich bihandele. Dizze libbensbeam is in variant op it achtspeakige ef seisspeakige red (de Hagalu-rune, de iepenbiering Gods yn romte en tiid. It seisspeakige red, in lettere variant fen it achtspeakige, hat oanlieding jown ta it fordielen fen it jier yn toalve moannen ef fjouwer en tweintich healmoannen, dy't elts hjar eigen Rune hawwe. Fen tige bilang binne bihalven de rune fen it midwinterfeest (joelfeest), dy fen de fyfte moanne (Maeije). Den wirdt bidden for in goed wjirjen op it gewaechs en om dit frij to hâlden moanne (Maeije). Den wirdt bidden for in goed wjirjen op it gewaechs en om dit frij to hâlden fen heil en froast. Christianisearre hat men hjir to dwaen mei de iishilligen.
It Midsimmerfeest libbet foart yn tal fen folksfeesten, dy't oan't hjoed de dei ta noch bisteane en dêr't it oprjuchtsjen fen neimakke beammen mei in red boppe yn en hjirûnder in pop mei útsprate earmen, symboal fen 'e Godssoan, de Middelaer en Heilbringer, tige hiem by binne. Yn Súd-Germanië binne dizze feesten for in great diel forlein nei Pinkster, yn Noard-Germanië, der't de Christianisearring folle letter barde, is it Midsimmerfeest bistean bleaun.
Fen great bilang is ek it feest fen 'e rispinge, det men yn Augustus hie.
Fen allerlei âld-Aryske en oer-Aryske symboalen fynt men yn 'e folklore de rudimenten werom. B.g. de god sûnder earmen, de god mei de útspraette earmen en de god mei de greate hannen. Dit wieren by de âlde folken fen de Thulekrite net útsûnderlike goaden, mar forskiningsfoarmen fen de heilbringer nei gelang de moannen fen it jier. Ek de Mem-Ierde bliuwt jimmer yn 'e ien ef oare foarm bistean. Itselde kin sein wirde fen twa dieren, dy't men yn forbân mei de libbensbeam en it red fynt, it hynsder (âldtiids mei acht skonken) en de swan.
Det it Christendom al dizze symbolen net to neate dien hat, mar oernaem, docht bliken út de plastyk by de Rumaenske (einlings moast men sizze) de Germaenske boukinst. Sa fynt men op in suil yn de Quedlinburgske dom nuch tige klear de god mei de greate hannen.
Al foar de Christianisearring waerd in oanfal dien op dizze âlde Godstsjinst troch it Wodanisme, troch de keningen yn 'e mande mei de preesters nei foaren brocht yn hjar striid mei de wize frouljue (profetessen). Mar yn it hert fen it folk koe men de âlde religy net útroegje.
Yn Palestina, dêr't dizze oer-godstsjinst fen út it Westen trochkrong, it earst yn Galilea, waerd hja fen'e Jahwe'-preesters forfoarme ta in tsjinst, dy't learde, det de Joaden it útkarde folk wêze scoene. Mar ek kaem út Galilea it werjaen fen hjar bitsjutting for hiel it minskdom fen dizze oer-religy en al hjar feesten en symbolen gyngen yn it Christendom oer. En yn ús tiid fen nij histoarysk en archeologysk ûndersiik wirdt wiermakke it wird út it evangeelje: De stiennen scille sprekke as de minsken net mear sprekke kinne.
Twade dei.
DE ÂLD-FRYSKE RELIGIE EN DE OERA-LINDA-KRONYK.
Hjiroer handele prof. Wirth yn syn trêdde lêzing. Earst woe sprekker in lytse persoanlike rekkenskip ôf lizze yn forbân mei dit forneamde boek. Twaris hat er syn carrière yn 'e groun bidoarn, earst yn forbân mei it Flaemske activisme, letter, do't er Oera-Linda-Kronyk útjoech.
Hy hearde foarearst fen dit boek as studint yn 1904, do't in professor op it college him sei, det it úitjaen fen dit boek in grap west hie. Hy seach it do net yn en it rekke út syn tinzen wei.
Nei de oarloch, do't er in earnstige szúdzje makke fen âlde symbolen, binammen fen it acht- en seisspeakige rêd, kaem it him wer yn hannen.
Do krige er tafallich in tiidskriftartikel yn hannen oer it Oera-Linda-boek. Dêr stie safolle frappants yn, det er stúdzje fen it boek makke en it forline jier útjoech. Hy bigriep bêst hwet dit bitsjutte scoe. De âlde liberale evolutionistysche wittenskip scoe him fûl forsette, de wierheit fen sprekkers theoryen scoe hjar ein bitsjutte.
Sprekker jowt alles ta hwet der tsjin it Oera-Linda-boek yn to bringen is (papier, verknoeide tael, anachronismen, Aufkläringsideën). Mar dit alles tajown bliuwt der yn it boek safolle oer, det oan oer-Germaenske cultuur en symbolyk tinken docht, det in earnstige boarnenstúdzje nedich is.
Yn 't Oera-Linda-boek fynt men dingen, dy't gjin forfalsker, al hie er biskikt oer de hiele archeologyske wittenskip fen syn tiid útfine kin. Yn dit forbân wiist sprekker op de geograef, prof. Hermann, dy't ek tajowt, det der yn it Oera-Linda-boek in kearn fen echtens is.
De saek is dizze: Cornelis over de Linden hat it Oera-Linda-boek skreaun. Syn boarnen wieren in âlde forlern giene famyljekronyk, it eigentlike Oera-Linda-boek, de kronyk fen Worp van Tabor en fierders syn eigen 19e ieuske tinkbylden, ûntliend oan Volnay. It is nedich it Oera-Linda-boek út to jaen yn in stringe boarne-crityske útjefte, en sadwaende it echte fen it falske schiede.
Mei troch de stúdzje fen Hermann is der nij ljocht op it boek fallen en ek sprekker moat tajaen, det er oan't nou ta tofolle ûnder in autoriteitscomplex stie.
Sa docht it bliken, det it Oera-Linda-boek net handelt oer de Friezen, mar oer in folle âlder folk, de Fria's (frijen ef frjeonen). Wy hawwe hjir to dwaen mei de Fria's cultuer, in Oer-Arisme cultuer, de cultuer fen de Hunebêdden. Biwiis hjirfor is û.m. de geheimsinnige Od, dy't de heit wêze scoe fen de bern fen de trije stammemmen fen it âlde Oera-Linda-boek. Mei dizze Od — dyt' wy kenne as in godsnamme (eang forbân hâldend mei de Odilrune) — hat de officiele wittenskip noch nea wei witten. De Odilrune is de rune fen Joelmoanne (Desimber).
Od, bitsjut foarst heitelân, fierders bitsjut Odil, adel ef edel. Od is it libben Gods en alles hwet de minsken eal makket.
Fierders komt yn it Oera-Linda-boek (foarste blêdside) foar it seisspeakige rêd mei de runen der omhinne, hwet tige tinken docht oan de Hagalu-rune en ek oan 'e âlde fjouwer-en-tweintich heale moannekalinder, dêr't eltse heale moanne syn rune hat.
Ek de namme fen de God Wralda, by de Lappa Ralda, wiist op tige âlde komôf. De hillichdommen fen dizze God binne hjir troch Karel de Saksenslachter en Bonifacius forneatige op sa'n gemiene manear, det it rjucht wier, det de Friezen dizze lêste deasloegen.
Fen dizze Od-Wralda bistiet by alle âlda folken fen de Thulekrite in hillich runenskrift, dêr't de timmerman Cornelia Over de Linden gjin aen fen hawwe koe.
Ynteressant is ek, det alles hwet by de Nordyske foltsen hillich en abstrakt symboal wier, by alle leger steande Súdlike rassen yn it dierlike weisonk.
As fierdera symbolen binne to neamen it Hakenkreuz, det by alle Thule-foltsen foarkomt, as twa gekrúste Odilsrunen, it sinnebyld fen de roungong fen it jier.
Skip en swan binne de maritime symbolen fen de Fria-kultuer, by lettere Germaenske folken wein en hynsder.
Den komt sprekker ta de Fryske Uleboerden, dêr't men ek jimmer de swan fynt, dy't hjir de odebar is, de fûgel, dy't it libben bringt, de fûgel, dy't de geliedfûgel Gods is. (Op oare plakken is dit de earrebarre). Fierders komme yn de Uleboerden foar, it rêd, de Odilrune ensf.
In tige faek foarkommend symboal is ek de God, mei de iene earm op, de oare nei ûnderen ta, it symboal fen jierwikseling by it Midwinterfeest. Der waerd ek it Joelting hâlden. De Germanen swarden den by it stigende ljocht en it sinkende ljocht, ien earm omheech, ien nei ûnderen ta. Lykas tsjinwirdich noch sward wirdt.
Yn forbân mei dizze âlde Fria-kultuer bihandele sprekker noch it âlde Christendom yn Skotlân en Ierlân, det de Easterske tsjerkehierarchie en it latyn as tsjerketael net koe. Ek hjir hat men de Odilrune op de grêfstiennen en hja hiene de leare, det Christus yn 'e ôfgroun gie om alle forstoarnen, dope ef net dope, to forlossen. Dit is de âlde Aryske leare, dêr't it Midwinterfeest û.m. de symbolyk wier fen it wer opstean fen de deaden.
Gjin wûnder, det de âlde Germanen fen it Roomske Christendom, mei as kearn hjar âlde leare, mar bidobbe ûnder Jahwistyske eleminten, net folle hawwe moasten en hjar better thús fielden by it Arianisme, det tichter by de âlde hieme Godsforearing kaem.
De greatste tragyk by de Germanen is, det by de Christianisearring de forbining mei it Godlike trochsnien is, om't somliken sillich wirde en oaren net. God omfiemet alles.
Tige bilangryk is ek yn it Oera-Linda-boek, hwet der fêstlein is fen de wize frouljue, in kultus, dy't men oeral by de âlde Germanen fynt en dêr't binammen de keningen, dy't it folksrjucht forkringe woenen for it keningsrjucht, fûleindich tsjin strieden. Doch it folk hâldde oan de wize frouljue fêst (trije frouljue ef féen út de folksmearkes). En lang nei de Christianisearring rjuchte it folk yu 'e kathedralen en tsjerken noch jimmer bylden op fen 'e trije wize frouljue.
Yn 'e midsieuwen is stadichwei de âlde folkskultuer en religy forkrongen troch do Roomske kultuer, it folksfrjemde Romeinske rjucht en mei Easterlike ynfloeden trochkrongen Godstsjinst. Nei in oplibbing yn 'e tiden fen de Reformaesje kaem it yn 'e njoggentsjende ieu troch de sinneleaze yndustrialisearring en de Mammontsjinst fen kwae ta slimmer. Mar yn ús tiid bigjint wer it bloed to sprekken en wolle wy wer frij libje, dos foart mei al dy godstsjinstige eleminten, dy't faeks passe by oare folken út it Suden en it Easten, mar net by ús. Litte wy wer ta God komme op ús eigen Nordyiske wize.
Mei it each op de tiid waerd der gjin bisprek hâlden.
De FOARSITTER tanke prof. Wirth for de manear, dêrt' hy syn theoryen op útien set hat.
(It Kongres wirdt foartset).
~ ~ ~
Nog een artikel over OLB in het Fries: Nieuwsblad van Friesland : Hepkema's courant, 8-9-1906, zie hier, "In Nampraetsje".
Baie Dankie! Interessant.
ReplyDelete